Doarpsenerzjy Weidum
Doarpsenerzjy Weidum is in inisjatyf fan ferieniging It Nut Weidum. It is in selsstannige koöperaasje mei in eigen bestjoer.
Doarpsenerzjy:
- leveret griene stroom en gas
- jout Weidumers de kâns om mei te dielen yn de opbringst fan sinnepanelen
- helpt de ynwenners by it nimmen fan maatregels om enerzjy te besparjen
Stroom en gas
Fia de koöperaasje kinne de ynwenners fan Weidum duorseme stroom en sertifisearre gas ôfnimme fan de enerzjymaatskippij Energie VanOns. De stroom is de grienste stroom dy’t yn Nederlân beskikber is, “sjoemelstroom” wurdt net oanbean. Mear witte?
Sinnepanielen
Op in pikestâl fan Fam. Boersma hat de koöperaasje 220 sinnepanelen lein en alle ynwenners fan Weidum en omkriten kinne een sertifikaat oanskaffe en meidiele yn de opbringst. Wa’t stroom of gas ôfnimt of sertifikaten hat yn it sinnepanelen-projekt is automatysk lid fan de koöperaasje. Mear witte?
Enerzjy besparje
De koöperaasje biedt help oan by beheinen fan it stroom- of gasferbrûk. Alle Weidumers kinne fergees gebrûk meitsje fan in enerzjycoach foar in ‘quick scan’. Wa’t fierder gean wol en syn hûs ûndersykje litte wol kin foar de helt fan de priis in enerzjyadfiseur komme litte.
Foar de quick scan of it enerzjyadfys hoege jo net lid te wêzen fan de koöperaasje. Mear witte?